Skipswerf ferlet fan personiel

04 aug 2014 - 14:03
  • De skipswerf yn Makkum is op syk nei personiel
  • Japke van Groning fan skipswerf De Vries

It is foar skipswerven dreech om genôch personiel te finen. Der is benammen ferlet fan personiel dat heger oplaat is. De brânzje-organisaasje is benaud dat werven nei it bûtenlân gean, as der net gau mear personiel komt. Yn Makkum hat skipswerf De Vries de ôfrûne jierren ferskate lear-wurktrajekten opsetten om jonge talinten binnen te heljen. Dochs binne ek hjir fakatueres.

Japke van Groning fan skipswerf De Vries ferwachtet dat it tekoart oan technisy de kommende jierren bliuwt. It is neffens har belangryk dat werven it ûnderwiis stypje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)