Soad animo foar simmerskoalle
De belangstelling foar de simmerskoalle yn Ljouwert is dit jier sa grut dat der no fyftich yn stee fan tritich bern meidogge. Dat seit koördinator Koos Pot. De learlingen út de groepen 7 en 8 fan ferskate basisskoallen út Ljouwert krije twa wiken lang ekstra lessen yn rekkenjen en taal. Dêrneist dogge se ek in soad leuke aktiviteiten mei-inoar, lykas kanofare yn de Prinsetún of in speurtocht troch de stêd.
Simmerskoalle 058 is in projekt fan oanfoljend ûnderwiis, organisearre troch de gemeente Ljouwert en de Wykeinskoalle.
De simmerskoallelessen starte moandei op de NHL en wurde fersoarge troch jonge learkrêften út it basisûnderwiis. De simmerskoalle wurdt op 15 augustus ôfsletten mei in diploma-útrikking troch de berneboargemaster fan Ljouwert.