Herstelwurk yn tsiisfabryk

04 aug 2014 - 10:41
  • Fan it tsiispakhûs is net folle mear oer

Personiel fan it tsiisfabryk fan FrieslandCampina yn Gerkeskleaster hat ôfrûn wykein oan it wurk west yn de gebouwen dy't net troch de brân troffen binne. Yn ferskate bedriuwsromten is skjinmak- en herstelwurk útfierd. Yn de produksjehal wurdt sjoen nei mooglikheden om wer tsizen te meitsjen.

By de brân fan ferline wike tiisdei gie it pakkhûs mei 45.000 tsizen ferlern. De oarsaak fan de brân wurdt troch de plysje ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)