Twa skiep deabiten troch hûn

04 aug 2014 - 10:39
  • (fotofoarbyld)

In hûn hat snein twa skiep deabiten op de Seedyk by Koarnwertersân. Ek binne trije skiep oanfretten troch de hûn. De plysje hat de eigener fan de hûn opspoard en in boete jûn. Ek moat de hûne-eigener, dy't yn in kemper by Koarnwertersân ferbliuwt, in skeafergoeding betelje.

De eigener fan de skiep hie de plysje frege om de deade bisten op te romjen en in bistedokter te beljen, mar dat moat er neffens de plysje sels dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)