Motorrider (46) ferûngelokke

04 aug 2014 - 10:09

In 46-jierrige man út Ryptsjerk is sneintejûn om it libben kaam by in ûngelok op de Panserwei yn Sâltkamp. It slachtoffer ried op de motor en waard skept troch in auto. De motorrider is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. De automobilist, in 38-jierrige man út Hellevoetsluis, is in maresjesee. Dêrom hat dy it ûndersyk fan de plysje oernaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)