Smookferbod op It Amelân

04 aug 2014 - 07:46

De gemeente It Amelân stelt yn ferbân mei de droegte fan moandei ôf in smook- en stookferbod yn foar alle natuergebieten op it eilân. Oanlieding is in brân, sneintemiddei, oan it Bramerduinpaad by Nes. Dêrby gong in stik natuer fan 50 by 50 meter ferlearn.

Boargemaster Albert de Hoop sei dêrop op twitter in smook- en stookferbod yn te stellen. It ferbod jildt oant en mei 31 augustus.

Trefwurden: 
It Amelân smookferbod
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)