Steenstra wint yn Wytmarsum

03 aug 2014 - 18:20

De haadklasse keatspartij yn Wytmarsum is snein wûn troch Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Cornelis Terpstra. Yn de finale wie it trijetal mei 5-4 en 6-2 te sterk foar Gert-Anne van der Bos, Jacob Wassenaar en Daniël Iseger.

De lytse preemje gong nei Hendrik Tolsma, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden, dy't yn de heale finale mei 5-3 en 6-2 ûnderút gongen tsjin Steenstra en-dy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)