Sulver foar Manon Kamminga
Manon Kamminga fan It Hearrenfean hat sneon it sulver pakt op de puntekoers by it Europeesk kampioenskip inline-skaten yn it Dútske Geisingen. Lykas by de ôffalkoers in dei earder moast Kamminga de winst oan de Italiaanse Francesca Lollobrigida litte. Yn de lêste rûntsjes moast Kamminga belies jaan.