Botsing wiuwende fytster

03 aug 2014 - 11:42

In 74-jierrige frou is sneontemiddei yn Harns ferwûne rekke by in ûngelok op 'e fyts. De frou ried mei har man oer de Kimswerterwei. Se swaaide nei in bekende, mar bedarre dêrby op de linkerhelte fan it fytspaad. In 55-jierrige man op de racefyts dy't út de oare rjochting kaam, koe in botsing net mear foarkomme. Alle trije kamen te fallen.

It slachtoffer, út Súdwest-Fryslân, is mei pine oan it boarst nei it sikehûs brocht. De racefytser hie skaafplakken. De oare man kaam mei de skrik frij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)