36 kear boete foar pisjen

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontejûn en -nacht yn en om Snits 36 boetes útdield foar pisjen bûtendoar. De gemeente en de hoareka hawwe rûnom yn de stêd ekstra húskes delset fanwege de Snitswike. Likegoed miigden yn alle gefallen 36 minsken yn de iepenbiere romte. Se krigen dêrfoar in boete fan 140 euro.
Fierders hat de plysje yn de Snitswike tsien minsken oanhâlden. Dat wie foar drugsbesit, it fersteuren fan de iepenbiere oarder, it net toane kinnen fan in identiteitsbewiis en mislediging en fernieling.