Bromfytser rekket plysje

© Omrop Fryslân
In 39-jierrige bromfytser út Appelskea moast sneintemoarn betiid syn rydbewiis oan de plysje ôfjaan. De man waard op de Van Emstwei kontrolearre, om't er sûnder helm ried. De man woe net stilhâlde en hy ried hast in plysje om. De Appelskeaster en de plysje foelen. Se rekken beiden licht ferwûne oan de skonk.
De bromfytser hie te folle alkohol dronken. Dat die bliken út in ademanalyze op it plysjeburo.