Hearrenfean-Levante: 0-1

02 aug 2014 - 22:50

Sportklup Hearrenfean hat syn lêste oefenwedstriid foar it begjin fan de earedivyzje ferlern fan Levante. De Spaanske nûmer tsien fan ferline seizoen wie mei 1-0 te sterk. It is de earste nederlaach foar Hearrenfean yn de oefenstaazje.

Yn in net sa'n goed duel, wie Levante de earste helte it tichtste by in goal. Casadesus kopte op de peal en Ivanschitz rekke út in frije traap de peal. Yn it begjin fan de twadde helte koe Casadesus hielendal frij ynkoppe. Nei in oere kaam de nije spits Dalgaard. Hy soarge foar mear gefaar, mar it bleau 0-1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)