Mollema twadde yn klassiker

02 aug 2014 - 17:36

Hurdfytser Bauke Mollema is sneon twadde wurden yn de Clásica San Sebastián. De Spanjaard Alejandro Valverde hat de klassiker foar de twadde kear yn syn karriêre op syn namme set.

Valverde, dy't as fjirde eindige yn de Tour de France, kaam nei 219 kilometer solo oer de finish. Mollema kaam fjirtjin sekonden letter oer de streek. Hy wûn de sprint om it twadde plak.

Trefwurden: 
hurdfytsen Bauke Mollema
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)