Bart Helmholt wint yn Drylts

02 aug 2014 - 16:43
  • Ricardo Faaij, Dymphie van Rooijen en Bart Helmholt

Bart Helmholt hat sneon yn Drylts de nasjonale kompetysje fierljeppen wûn. Hy ljepte in ôfstân fan 21.34 meter. Syn Hollânske konkurrint Jaco de Groot waard knap twadde. Hy ljepte in poerbêste searje: 19.85, 21.14, 21.25, 20.85 en 20.64 meter.

By de froulju gie de totaaloerwinning nei Dymphie van Rooijen. Har bêste ôfstân wie 16.87 meter. Dat wie 4 sintimeter ûnder har nasjonale rekôr. Jan Teade Nauta wûn sneon op syn thúsbarte by de junioaren mei in ljep fan 18.05 meter. De totaaloerwinning wie foar de Hollanner Ricardo Faaij.

De nasjonale kompetysje fierljeppen bestie dit jier út fiif wedstriden. It resultaat fan de minste wedstriid koene de ljeppers skrasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)