Koade oranje ynlutsen

© Omrop Fryslân
It KNMI hat de warskôging koade oranje foar de westlike Waadeilannen ynlutsen. Sneontemiddei luts út it suden wei in minwaargebiet oer westlik Fryslân hinne. Foar de westlike Waadeilannen joech it KNMI koade oranje ôf. Foar Flylân en Skylge jilde in warskôging foar swiere rein- en tongerbuien mei wynstjitten. De plysje op Skylge ûntromme de strannen.
It waaralarm waard nei in pear oeren wer ynlutsen. De skûtsjesilerij op de Iselmar wie krekt foardat de rein kaam, dien. Op 'e Iselmar by Hylpen wie sneon de earste wedstriid fan it IFKS.