Untslaggen Alliade wegere

02 aug 2014 - 12:29

Utkearingsynstânsje UWV wegeret de twongen ûntslaggen by Alliade op It Hearrenfean. De soarchgroep wol twahûndert banen kwyt, dêr't 160 twongen ûntslaggen by sitte. De oare fjirtich gean fuort fia natuerlik ferrin of frijwillich opstappen. Neffens Alliade binne de ûntslaggen nedich om't in grutte delgong oan ynkomsten ferwachte wurdt.

It UWV moat in fergunning jaan foar de twongen ûntslaggen, mar sjocht dêr de needsaak net fan yn. Nije wike sil Alliade mei de fakbûnen oerlizze hoe't it no fierder moat.

Trefwurden: 
UWV ûntslaggen Alliade
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)