21 oanhâldings yn Snitswike

02 aug 2014 - 11:26

Yn de earste nacht fan de Snitswike binne 21 minsken oppakt. De measte arrestaasjes wiene foar mislediging, drugs, fersteuring fan de iepenbiere oarder en it net hawwen fan in identiteitsbewiis. Ferskate skippers waarden warskôge om't se de muzyk te lûd oan hiene.

In Grinslanner (38) hat oanjefte dien fan mishanneling. Hy waard op de Heablokstrjitte oanfallen troch fjouwer manlju en twa froulju. In Snitser (27) is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs ta brocht. Hy wie fûn yn syn wente, dêr't in stien troch in rút smiten wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)