Klap foar barmeiwurker

© ANP XTRA
In 21-jierrige Drachtster is ôfrûne nacht oppakt om't er in meiwurker fan in bar mishannele hie. De fertochte wie oan de Súdkade út in hoarekagelegenheid set en hy woe der wer yn. Doe't in portier en in meiwurker fan it kafee him dêrby tsjinhâlden, joech de Drachtster it slachtoffer in klap.
Nei de mishanneling is de man útnaaid. Op basis fan syn sinjalemint hat de plysje him letter pakt.