Warskôging foar swier waar

© Omrop Fryslân
Waarman Pyt Paulusma warskôget sneon foar swiere rein- en tongerbuien en wynstjitten. De rein kin op guon plakken foar wetteroerlest soargje. Wettersporters moatte yn ferbân mei de wyn betiid in haven opsykje.
De dei begjint noch prachtich mei in soad sinneskyn, in swakke wyn en in temperatuer fan sawat 28 graden, mar yn de rin fan de middei slacht it waar om warskôget Paulusma.