Jaap Dijkstra Panskipper 2014

02 aug 2014 - 07:31
  • De Snitswike

Jaap Dijkstra is freedtejûn by de iepening fan de Snitswike útroppen ta Panskipper fan 2014. Dijkstra is al jierren haad fan it stand-by-team fan de KWS. Dy groep fan 25 minsken is ferantwurdik foar de feiligens op it wetter. As boaten omslaan, komt it team yn aksje.

De KWS rikt de titel Panskipper alle jierren út oan in persoan dy't him bot ynset foar de silerij yn it algemien en de Snitswike yn it bysûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)