Snekerinternetkrant hâldt op
De Snekerinternetkrant hâldt op te bestean. Nei acht jier lûkt inisjatyfnimmer Henk Doevendans de stekker derút. Doevendans is 66 jier en hy giet mei pensjoen.
De Snitser ynternetkrante is ien fan de âldste pleatslike kranten op ynternet. Hy wurdt alle dagen troch goed 2500 minsken besjoen. Doevendans is no fan doel syn âld weblog De Opregte Sneker nij libben yn te blazen.