Nij folchsysteem meldkeamer

Sawol yn Drachten as by Snits is freed in nij folch- en helpsysteem as proef yn gebrûk naam foar helptsjinsten op it wetter. It systeem foar it Fryske Marregebiet hjit V-trace. Opfallend is dat havenmasters en oare profesjonals op en oan it wetter meidogge, wêrtroch't de meldkeamer folle earder minsken op it plak krije kin dêr't help nedich is. En elkenien dy't keppele is oan it nije systeem is yn de Drachtster meldkeamer ek goed te folgjen, sa die bliken by it úteinsetten fan de proef.