Ald-spilers no KNVB-assistint

01 aug 2014 - 14:45
  • KNVB

Ald-spilers Bert Konterman fan SC Cambuur en Dennis de Nooijer fan SC Hearrenfean binne freed presintearre as assistinten by de KNVB. It duo sil mei Michael Reiziger, Sonny Silooy en Martijn Reuser assistint wurde by de ferskate nasjonale jeugdalvetallen.

De beneamings komme op de dei dat de komplete nije staf fan it Nederlânsk alvetal offisjeel presintearre is. Guus Hiddink is no bûnscoach en Danny Blind en Ruud van Nistelrooy binne de assistinten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)