Jonges fan eilân ôfset

01 aug 2014 - 14:35
  • De fjoertoer fan Flylân

De plysje hat tsien jonges tusken de sechstjin en achttjin jier fan Flylân ôfset. De groep út Noard-Hollân soarge de lêste dagen foar in soad oerlêst. Se draaiden by harren fakânsjehûs lûde muzyk en soargen by in njonkenlizzende kemping foar lûdsoerlêst. Yn hoarekasaken foelen se personiel en klanten lestich. Twa groepsleden wiene agressyf en se krigen dêrom in tagongsferbod.

De plysje hat yn oerlis mei de âlden fan de jonges besletten de fakânsjegongers op de boat nei de fêste wâl te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)