Brân tsiisfabryk noch net út

01 aug 2014 - 11:45
  • Fan it tsiispakhûs is net folle mear oer

De brânwacht yn Gerkeskleaster is freed foar de fjirde dei op rige dwaande om de brân yn Gerkeskleaster út te krijen. Dêrmei is de hiele blusoperaasje ien fan de grutste yn de Fryske skiednis. Benammen it brânwachtkorps fan Bûtenpost hat der in soad wurk mei. De brânwachtminsken dêr binne dagen achter elkoar ynset.

De ferwachting is dat de brân yn Gerkeskleaster freed hielendal dôvje sil. It wurk is dêrnei noch net klear. Der is noch in soad tiid nedich om it blusmateriaal wer skjin te krijen.

Fierders meldt de brânwacht dat de Ferlaatsterwei wer ticht is, sadat de helptsjinsten der del kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)