Brêge Aldtsjerk wer makke

01 aug 2014 - 11:39

De brêge oer de Moark yn Aldtsjerk is wer iepen foar boatferkear. De brêge hat freed in skoft ticht west nei't fandalen tongersdeitenacht ûnder oare de needstop en de stopljochten fernield hiene. Om't it in selsbetsjinningsbrêge is, fûn de gemeente Tytsjerksteradiel it te gefaarlik om de brêge te brûken.

Yn de rin fan de middei is de brêge wer makke en koe er wer brûkt wurde. De gemeente tinkt noch nei oer maatregels om fandalisme yn de takomst foar te kommen. Mooglik wurde der kamera's pleatst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)