Underhâld oan spoar
It treinferkear tusken Ljouwert en Starum leit fan takom tongersdei ôf tsien dagen stil. Arriva lit yn dy perioade ûnderhâldswurk dwaan oan it spoar. De ferfierder set bussen yn foar de reizgers. Dy moatte rekken hâlde mei in heal oere langer reistiid.