Gjin straf eigeners Kelders

It Iepenbier Ministearje (IM) ferfolget de eigeners fan de ôfbaarnde gebouwen oan de Kelders yn Ljouwert net. De gemeente wurdt ek net strafrjochtlik ferfolge. It IM hat it rapport fan de ynspeksje fan Feiligens en Justysje besjoen en kaam ta de konklúzje dat der sprake is fan neilittichheid, mar net fan strafbere feiten. Ut it rapport, dat begjin july presintearre is, die bliken dat de feiligens fan de gebouwen oan De Kelders net yn oarder wie.
By de grutte brân kaam in 24-jierrige studint om it libben.