Miljoenen fisken yn spuikommen

31 jul 2014 - 21:50

Miljoenen fisken kinne op jierbasis de fiskmigraasjerivier by de slûzen by Koarnwertersân brûke. Dat is de konklúzje fan ûndersyk nei fiskmigraasje troch de universiteit fan Wageningen.

Op basis fan in grutskalich ûndersyk nei fisken yn de Iselmar blykt dat der benammen in soad lytse fisken yn de spuikommen fan de slûzen by Koarnwertersân sitte. Stikelbears en spjirring lizze no al massaal yn de spuikommen te wachtsjen om fan de Waadsee nei de Iselmar te kommen.

Yn minne jierren giet it by beide soarten om hûnderttûzenen fisken. Yn goede jierren wurde dat tsientallen miljoenen fisken. De resultaten fan it ûndersyk sille brûkt wurde om it ûntwerp fan de fiskmigraasjerivier fierder te ûntwikkeljen. Yn septimber wurdt dúdlik oft de fiskmigraasjerivier der ek echt komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)