Utbraak botulisme yn Ljouwert

31 jul 2014 - 21:45

Yn Ljouwert is in grutte útbraak fan botulisme. Dat lit foarsitter Stefan Bosma fan de diere-ambulânse witte. Meiwurkers fan de diere-ambulânse hawwe tongersdeitejûn tsientallen deade einen út it wetter helle.

Bosma seit dat der net yn it smoarge wetter swommen wurde moat, dat jildt foar minsken en bisten. Dat jildt yn alle gefallen foar fivers en sleatten yn de wyk Bilgaard en it Ljouwerter bosk. Hûnen dy't in besmette ein yn de bek hân hawwe kinne slim siik wurde en dêr boppedat oan deagean. Ek minsken moatte útsjen yn it smoarge wetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)