Gefolgen brân foar feeboeren

De gefolgen foar de boeren yn de omkriten fan Gerkeskleaster lykje ta te fallen. Tiisdei wie dêr in grutte brân yn de loads fan it tsiisfabryk fan FrieslandCampina. Dêr kaam in soad reek by frij, mar der sieten gjin slim skealike stoffen yn.
De measte feeboeren ha de kij dêrom gewoan yn de greide rinnen. De biologyske boerin Anita de Vries út Surhuzum hat har kij foar de wissichheid wol yn de stâl litten. Sy hopet op koarte termyn dúdlikens te krijen oer de situaasje.