Verlaatsterwei wer iepen

31 jul 2014 - 12:24

De Verlaatsterwei yn Gerkeskleaster is fan ien oere tongersdeitemiddei ôf wer iepen foar ferkear. De dyk wie sûnt tiisdeitemoarn ôfsletten om helptsjinsten de romte te jaan by de bestriding fan de grutte brân by it tsiisfabryk fan FrieslandCampina.

De brânwacht is noch altyd oan it blussen yn de loads fan FrieslandCampina. Mei-inoar leinen dêr 45.000 tsizen opslein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)