Tsiisfabryk yn maitiid wer los

31 jul 2014 - 11:50

De produksjefasiliteiten fan it tsiisfabryk yn Gerkeskleaster moatte takom maitiid wer op oarder wêze. Dat is nedich om de molkepyk yn dy perioade op te fangen. Dat seit wurdfierder Rob van Dongen fan FrieslandCampina.

Hoe grut de skea oan de masinery is nei de brân, sil op syn betiidst takom wike dúdlik wurde. De ferwurking fan de molke dy't gewoanwei nei Gerkeskleaster giet, is neffens Van Dongen foarearst goed op te fangen yn de fabriken fan Ljouwert, Bedum en Lochem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)