Basaçikoglu giet nei Feyenoord

31 jul 2014 - 11:34

SC Hearrenfean-oanfaller Bilal Basaçikoglu giet nei Feyenoord. De fleugelspits fan SC Hearrenfean tekenet in kontrakt fan 4 jier by de klup út Rotterdam. Basaçikoglu hie noch in kontrakt fan twa jier by Hearrenfean. Feyenoord soe 3,5 miljoen euro betelje foar it 19-jierrige talint.

Basaçikoglu makke yn 2011 de oerstap nei SC Hearrenfean. Hy spile ferline seizoen 25 wedstriden, dêr't er seis kear yn skoarde. It is noch net bekend oft Hearrenfean in ferfanger foar him oanlûke sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)