Doeksen gjin skuld by dea frou

Rederij Doeksen wurdt net ferfolge foar it ûngelok fan ôfrûne jier septimber op Flylân. Dêrby kaam in 72-jierrige frou út Dútslân om it libben. De frou ried yn har auto mei hege snelheid de brêge nei de fearboat op. Nei alle gedachten woe se de boat noch helje, mar dy wie doe al los fan de kade. De auto fan de frou belâne tusken de wâl en de fearboat yn it wetter.
Ut ûndersyk hat bliken dien dat de frou ek in read ferkearsljocht negearre hat. Neffens it Iepenbier Ministearje is Doeksen dêrom net ferantwurdlik en is der sprake fan in ûngelok.