Brânwacht blust al 50 oeren

31 jul 2014 - 09:54

De brânwacht is noch hieltyd dwaande mei it neiblussen fan de brân yn it tsiisfabryk fan FrieslandCampina yn Gerkeskleaster. Mei-inoar is de brânwacht no al hast 50 oeren oan it wurk. De Verlaatsterwei, de dyk dêr't de fabryk oanleit, is noch hieltyd ôfsletten om de helptsjinsten de romte te jaan.

By de grutte brân dy't tiisdei útbruts, is de loads mei dêryn 45.000 tsizen ôfbaarnd. De produksjehal koe wol sparre wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)