VVN: 'Omboude auto's oanpakke'

30 jul 2014 - 20:34

Veilig Verkeer Nederland makket him grutte soargen oer it groeiend oantal omboude auto's dat omrydt op de provinsjale diken. It giet om gewoane auto's dy't sa oanpast binne dat se net hurder ride kinne as 45 kilometer yn de oere.

Dertroch hoege de auto's net langer APK keurd te wurden en kinne ek minsken sûnder rydbewiis der yn omride. Neffens Veilig Verkeer Nederland smyt dat grutte gefaren op om't net fan ôfstân te sjen is dat dizze auto's sa stadich ride.

Om't der hieltyd mear auto's op dizze wize omboud wurde, wol de organisaasje dat der maatregels naam wurde. Veilig Verkeer fynt dat it foar de omboude auto's ferbean wurde moat om op de iepenbiere dyk te riden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)