Wer goud Kamminga op EK 1000 m

30 jul 2014 - 20:29

Manon Kamminga is yn it Dútske Geisingen foar de fjirde kear op rige Europeesk kampioen inline-skaten op de 1000 meter wurden. De 22-jierrige ynwenster fan It Hearrenfean fersloech yn de finale de Italiaanse Erika Zanetti en de Dútse Mareike Thum. Earder wûn Kamminga al sulver op de 10 km punte-ôffalkoers. Op de 500 meter waard se diskwalifisearre en dêrtroch mocht se ek net starte op de ôffalkoers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)