Fryslân Trophy yn Drachten

Swimbad De Welle yn Drachten
De Nederlânske wetterpolofroulju ûnder de 19 jier stride sneon 9 augustus yn swimbad De Welle yn Drachten om de Fryslân Trophy. Dêryn nimt Oranje it op tsjin Australië, Dútslân en Ingelân.
De Fryslân Trophy is de ein fan de trainingsstaazje fan de Nederlânske wetterpolosters, dy't har tariede op it wrâldjeugdkampioenskip yn Madrid en it Europeesk jeugdkampioenskip yn Rome.