Daniël Iseger is PC Kening

Daniël Iseger út Ljouwert is de kening fan de 161ste edysje fan de PC yn Frjentsjer wurden. De bêste spiler fan it winnende partoer krijt tradisjoneel fan de foarsitter fan de PC de sulveren keatsbal omhongen.
Iseger spile yn it partoer fan Gert-Anne van der Bos mei Taeke Triemsta. Yn de heale finale waard Triemstra ferfongen troch Jacob Wassenaar. Iseger mei de sulveren keatsbal oant de folgjende PC hâlde.