Johan Hansma mooglik nei NEC

30 jul 2014 - 17:02

Fuotbalklup NEC út Nijmegen oerwaget om Johan Hansma yn tsjinst te nimmen as nij technysk manager. Dat meldt Voetbal International. Op dit stuit is Hansma op projektbasis mei syn bedriuw Futuralis Football Company aktyf by NEC. Hansma wie earder technysk direkteur by SC Hearrenfean, mar naam yn septimber ferline jier ôfskie nei oanlieding fan it rapport fan de kommisje Vaessen/Koopmans oer de gong fan saken by de klup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)