Animo foar Bilal Basaçikoglu

30 jul 2014 - 15:59

Feyenoord wol oanfaller Bilal Basaçikoglu foar it nije seizoen oernimme fan SC Hearrenfean. Dat meldt Voetbal International. De Rotterdammers binne neffens VI yn de lêste faze mei SC Hearrenfean. De 19-jierrige oanfaller makke yn 2011 de oerstap nei SC Hearrenfean. Hy spile ferline seizoen 25 wedstriden, dêr't er seis kear yn skoarde. Ek kaam Basaçikoglu yn aksje foar Oranje ûnder 19. De oanfaller hat noch in kontrakt fan twa jier by SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)