Noed oer oanlis Sintrale As

30 jul 2014 - 15:00
  • Doniawei Damwâld, oanlis Sintrale As

Yn Damwâld meitsje bewenners fan de Doniawei har soargen oer de oanlis fan de Sintrale As. Neffens har soe boud wurde op driuwsân en dat is gefaarlik, omdat dêrtroch hûzen fersakje kinne. Omjouwingsmanager Ben Boersma begrypt de soargen, mar neffens him is de situaasje net gefaarlik. Wol wurde foarsoarchsmaatregels naam troch in damwand te bouwen.

Ynwenners dy't troch de oanlis fan de Sintrale As skuorren yn it hûs hawwe, krije dy nei alle gedachten troch it swiere ferkear. Skea kin by de offisjele ynstânsjes melden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)