De earste list op PC ferkeatst

Op de PC yn Frjentsjer is de earste list ferkeatst. Troch nei de twadde list binne de partoeren fan Jan Dirk de Groot, Jelte-Pieter Dijkstra, Haye Jan Nicolai, Martijn Olijnsma, Enno Kingma, Gert-Anne van der Bos, Tjisse Steenstra en Bauke Triemstra.
It partoer fan Johannes van der Veen, Hyltje Bosma en Steven de Bruin, de winners fan de keats-off, gienen yn de earste omloop mei 5-0 en 6-4 ûnderút tsjin Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Cornelis Terpstra. Van der Veen-en-dy wûnen tongersdei de keats-off fan it partoer fan Menno van Zwieten.
Grutste ferrassing op de earste list wie dat de winners fan de PC foarich jier nei hûs stjoerd waarden. It partoer fan Johan van der Meulen, Renze Hiemstra en Hylke Bruinsma waard ferslein troch it partoer fan Haye Jan Nicolay.