'Tsiisfabryk gau wer draaie'

FrieslandCampina wol de produksje fan it tsiisfabryk yn Gerkeskleaster wer sa gau as mooglik draaie litte. Dat lit wurdfierder Rob van Dongen witte. Woansdei wurdt sjoen wat noch wurket, wat stikken is en wat skjinmakke wurde moat. It bedriuw wol de molke fan boeren ek op koarte termyn wer yn Gerkeskleaster ôfleverje.
Meiwurkers fan it bedriuw binne woansdeitemoarn ynformearre oer de stân fan saken en helpe no mei om wer gau oan de slach te gean.
Yntusken kin noch gjin ûndersyk wurde nei de oarsaak fan de brân. It is noch te ûnfeilich yn it ôfbaarnde stik, der is ynstoartingsgefaar.