Noch neiblusse yn tsiisfabryk

30 jul 2014 - 12:32
  • Sloopwurksumheden nei brân tsiisfabryk Gerkeskleaster
  • De brânwacht lit de brân kontrolearre útbaarne

Yn it tsiisfabryk fan Gerkeskleaster binne noch altyd lytse brantsjes. Hoewol't it sein 'brân meester' tiisdeitejûn jûn is, is de brânwacht woansdei noch hieltyd oan it blussen. Ek is der noch reek, dy't yn de rjochting fan Gruttegast waait. De brânwacht advisearret minsken om ruten en doarren ticht te hâlden as se lêst fan de reek hawwe. It neiblussen kin sels tongersdei noch wol trochgean. Salang't it noch net feilich is, kinne minsken noch net nei binnen om de oarsaak te ûndersykjen. De gemeente hat in neisoarchteam yn it libben roppen.

De gemeente Achtkarspelen hâldt kontakt mei Pleatslik Belang en it bedriuw FrieslandCampina. De ûnrêst liket net grut, want der komme net folle fragen by de gemeente. Minsken kinne fragen maile nei nazorg@achtkarspelen.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)