Ljouwerter dief trappearre

laptop © Omrop Fryslân
Yn Ljouwert hat de plysje tiisdeitemoarn in 28-jierrige Ljouwerter oanhâlden nei in melding fan in ynbraak yn in skoalle oan de Rengerslaan. Tsjûgen seagen dat er út skoalle kaam mei in tal laptops. Doe't er him trappearre fielde, liet er it stellen guod stean en naaide út. De plysje fûn him letter yn de buert en hat him ynsletten foar neier ûndersyk.