Ynbrekker yn Wynjewâld oppakt

© Omrop Fryslân
Yn Wynjewâld hat de plysje tiisdeitenacht in 17-jierrige jonge út dat plak oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan it ynbrekken yn in supermerk oan de Merkebuorren. Doe't de plysje kaam, hearden se ien fuortrinnen. Se setten de achterfolging yn, mar rekken him yn it tsjuster kwyt. Mei help fan in waarmtebyldkamera is er úteinlik yn in tún fierderop yn de strjitte fûn. Hy is ynsletten foar neier ûndersyk.