Brân tsiisfabryk brân meester

30 jul 2014 - 06:21

Tiisdeitejûn om alve oere hinne hie de brânwacht nei 15 oeren blussen de brân yn it tsiisfabryk fan Gerkeskleaster ûnder kontrôle. Op dat momint waard it sein 'brân meester' jûn. Mar noch hieltyd komt der reek út it fabryk en binne sa'n tritich brânwachtminsken folop dwaande om de brân te blussen. Nei alle gedachten duorje de bluswurksumheden noch wol de hiele dei. Der sil woansdei fierder probearre wurde om mei in kraan it materiaal út it tsiispakhûs te heljen om sa tichteby de fjoerhurd te kommen.

It skipfeartferkear op it Prinses Margrietkanaal is yntusken wer op gong kaam. Dat wie stillein nei oanlieding fan de brân. Tiisdeitemoarn om acht oere hinne ûntstie der brân yn de loads dêr't 45.000 tsizen opslein lizze. De brânwacht rukte manmachtich út. By de brân kaam in soad reek frij en dat soarge yn de wide omjouwing foar oerlêst. De produksje fan it fabryk leit foarearst stil. Woansdei wurdt mei it personiel praat oer hoe't it no fierder moat. De molke wurdt nei oare fabriken fan FrieslandCampina ta brocht. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)