Bysûndere bestelling yn Harns

De Harnzer Aardewerk en Tegelfabryk hat in opmerklike bestelling krigen. Fanút Amearika hawwe se de opdracht krigen om in tegelwand mei in junglefoarstelling te meitsjen. De opdrachtjouwer wol dizze wand, omdat hy yn syn hûs it gefoel krije wol dat hy yn de jungle rint.
It totale tablo sil ûngefear tweintich kante meter wurde. Neffens direkteur Rikus Oswald fan de Harnzer Tegelfabryk is de bestelling unyk, mar meie der best mear soksoarte bestellings út Amearika folgje.